Hearrenfean pakt punt yn Venlo

25 nov 2012 - 01:31

Sportklup Hearrenfean hat sneontejûn yn Venlo in punt pakt. Tsjin de nûmer ien-nei-lêst fan de kompetysje hie de ploech fan Van Basten it dreech. Sa wie de earste helte fan beide kanten net om oan te sjen. Allinnich Van Haaren fan VVV rekke de latte. Troch in goal yn de 56e minút fan Linssen bruts de wedstriid in bytsje iepen. Mei de earste aksje fan Marco Pappa kaam Finnbogason goed frij en skoarde nei in oere de lykmakker. Hearrenfean bliuwt 13e mei 14 punten út 14 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)