Flyers ûnderút tsjin Den Haach

24 nov 2012 - 23:51

De Friesland Flyers hawwe de iishockeytopper tsjin HYS Den Haach ferlern. Yn Thialf wienen de Hagenezen foar twa tûzen man publyk mei 3-1 te sterk. Yn de earste perioade krigen beide ploegen kânsen, mar allinnich Den Haach makke in goal. Yn de twadde perioade rûn de koprinner troch twa goals binnen twa minuten út nei 3-0.
Andrew Krelove soarge noch wol foar 1-3, mar yn de tredde perioade waard net mear skoard.

De Flyers steane no achter Den Haach en Tilburch op it tredde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)