Spektakulêre sloop flat Snits

24 nov 2012 - 16:55

Under grutte belangstelling is sneontemiddei it bekende blauwe flatgebou de Furmerusflat yn Snits tsjin de flakte gien. De sloop fan it kompleks mei mear as 150 apparteminten duorre tanksij in ultramoderne metoade noch gjin kertier.

Mei ferskate eksploazjes en in geweldige stofwolk sakke de blauwe Furmerusflat yn Snits troch syn fundaminten. Op spektakulêre mar ek hast statige wize waard it flatgebou mei de grûn gelyk makke. Sloopbedriuw Van der Wal brûkte hjirfoar in spesjale hydraulyske technyk.

Trefwurden: 
Snits Formerusflat
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)