Drachtster oanriden op sebra

24 nov 2012 - 13:40

In 73-jierrige Drachtster is sneontejûn yn syn wenplak ferwûne rekke by in ûngelok op de Bergleane. It slachtoffer rûn oer it oerstekplak foar fuotgongers en waard oanriden troch in 35-jierrige automobilist út Ljouwert. De fuotganger út Drachten is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
ûngelok Drachten
(advertinsje)