Fernielers brommer oanholden

24 nov 2012 - 13:29

Twa Ljouwerters binne freed op de Bleeklaan yn de stêd oanholden omdat se in auto en in brommer fernield hiene. In tsjûge seach dat de beide mannen in scooter omskopten en belle 112. De plysje hie de mannen gau te pakken. Ut ûndersyk die bliken dat de Ljouwerters ek noch in auto fernield hiene.

Trefwurden: 
fernielers
(advertinsje)