IIsbûn: iisrûtes better besjen

24 nov 2012 - 12:39

Der moat better sjoen wurde nei it klearmeitsjen fan iisrûtes. Dat waard sneon dúdlik op de ledegearkomste fan de Friesche IJsbond. Ofrûne winter waard der faak te gau op it iis riden, omdat it sa moai fage wie. Mar dan wie de iisflier noch te tin en dat kaam de iisgroei net te'n goede. Neffens de Friesche IJsbond moat de koördinaasje fan it feien fan it iis by it bûn komme te lizzen. Ek waard noch praat oer it fan it iis heljen fan ferwûne minsken.

Primêr leit dat by de helptsjinsten, mar de Friesche IJsbond fynt wol dat se altyd adekwaat op foarfallen reagearje moat.

Trefwurden: 
Friesche IJsbond iisrûtes
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)