Fryslân krijt 'broodfonds'

24 nov 2012 - 12:25

Fryslân krijt syn earste 'broodfonds'. Dat is in feriening fan ZZP'ers dy't in lytse fersekeringsmaatskippij oprjochtet. Fierwei de measte ZZP'ers fersekerje har net tsjin arbeidsûngeskikheid omdat de preemjes by grutte fersekerders te djoer binne. It gefolch is dat sa'n lytse ûndernimmer gjin ynkommen hat as hy of sy siik is. Sneon is yn Baard in ynformaasjemiddei mei saakkundigen út Utert holden, want der draaie al mear as 22 fan sokke ferienings en binnen inkele moannen wurde der nochris 15 opset. Werûnder dy fan Baard as it slagget.

Want der moatte tusken de 20 oant 50 ZZP'ers wêze dy't deryn stappe wolle. It liket op it begjin fan de grutte fersekerders yn de 19e ieu, seit André Jonkers, lanlik inisjatyfnimmer fan it fenomeen 'broodfonds'.

Trefwurden: 
ZZP'er broodfonds
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)