Skoalle Burchwert moat ticht

Nei goed 100 jier komt in ein oan it ûnderwiis yn Burchwert. De lêste skoalle fan it doarp, kristlike skoalle it Skûlplak, giet oan de ein fan dit jier ticht. De skoalle hie op de peildatum 16 learlingen yn de klassen sitten. In tal jierren ferlyn wiene dat noch goed 40. Tocht waard doe dat de skoalle wol iepen bliuwe soe. Mar troch in tal ferhuzings is it learlingetal hurd weromrûn. De learlingen sille foar it grutste part ûnderbrocht wurde op skoallen yn Boalsert. De masters en juffen gean nei oare skoallen ta.