Eanjumer fernielt doar

24 nov 2012 - 11:32

De plysje hat ôfrûne nacht in 56-jierrige Eanjumer oanholden yn ferbân mei fernieling fan in doar fan in wenning oan de Stiemsterwei yn syn doarp. De plysje trof de man noch oan by de wennning. Hy gedroech him ferfelend en woe net op ôfstân bliuwe op it momint dat de plysje it ferhaal oanhearre woe fan de bewenner. Ek misledige de man út Eanjum de plysje. Hy is oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Eanjum doar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)