Hoeden prate oer Jasper S.

Plysje yn Aldwâld nei arrestaasje Vaatstra-fertochte © Omrop Fryslân, Harm Weistra
De Bond van Wetsovertreders hat de famylje Vaatstra yn in brief frege wat foarsichtiger te wêzen mei útspraken oer de fertochte Jasper S. It bûn begrypt de ferromme reaksje fan de famylje hiel goed, mar fynt dat der rekken mei holden wurde moat dat Jasper S. fertochte is en noch net feroardield is. Boppedat seit de Bond van Wetsovertreders dat de fertochte en syn advokaat net reageare kinne op de saak, omdat Jasper S. noch yn 'beperking' sit.