FNP striidber behâld Fryslân

24 nov 2012 - 08:22

In striidbere FNP hat freedtejûn yn de ledegearkomste in boadskip opsteld foar de polityk yn Den Haach. En dat boadskip is dat Fryslân bestjoerlik bestean bliuwe moat en sil. Dêroer waard in resolúsje oannommen, dy't nei it regear en de Earste en Twadde Keamer stjoerd wurdt. De partij bestiet 50 jier en docht bestjoerlik hieltyd mear mei. Neitinke oer in takomst fan de partij yn folle gruttere gemeenten en 'landsdelen' yn stee fan provinsjes, lykas it regear wol, wolle de FNP'ers eins net.

Op de gearkomste liken de minsken net te leauwen dat it dêr fan komt en de ynset is foaral om de provinsje mear foech te jaan.

Trefwurden: 
FNP
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)