Begjin ferneatiging DNA

23 nov 2012 - 16:03

No't it Iepenbier Ministearje de opdracht jûn hat, begjint it Nederlands Forensisch Instituut yn Den Haach sa gau mooglik mei it ferneatigjen fan it DNA materiaal fan it grutskalich ûndersyk yn de saak Vaatstra.  

De ûndersikers hiene it DNA fan 3000 manlju ûndersocht, doe't dúdlik waard dat der in 100 prosint match wie mei de 45-jierrige Jasper S út Aldwâld. Utsein it DNA fan de fertochte, wurdt no alles neffens ôfspraak ferneatige. Alle DNA meunsters wurde sa gau mooglik yn fersegele tonnen ôffierd nei in ferbrâningsoven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)