Hânteken akwadukt neat wurdich

It provinsjehûs yn Ljouwert © Omrop Fryslân
De hânteken dy't minister Schulz van Haegen fan ferkear set hat foar de oanlis fan in akwadukt ûnder de Skarster Rien yn de A6 is neat wurdich. Dat seit CDA-Twadde Keamerlid Sander de Rouwe. De minister sei tongersdei dat se alle oerienkomsten oer de oanlis fan diken dy't se earder ûndertekene hat opnij besjen sil. Dat hat te krijen mei ekstra besunigings dy't it ministearje realisearje moat.
 
De provinsje seit noch alle fertrouwen te hawwen dat it akwadukt yn de A6 der komt.