Norofirus yn Erasmushiem
Yn ferpleechhûs Erasmushiem yn Ljouwert is mooglik it tige besmetlike norofirus aktyf. It firus stiet ek wol bekend as de búkgryp. Mear as 80 bewenners en meiwurkers binne besmet rekke. Op dit stuit binne 17 minsken noch hieltyd siik.
Doe't it firus ûntdutsen waard, binne der ekstra hygiënemaatregels troffen. Dêrneist binne alle sosjale aktiviteiten ôfsein en is der ekstra omtinken foar genôch focht sadat de bewenners net útdroegje.