Man betellet mei falsk jild

23 nov 2012 - 11:28

In man fan 18 jier út Burgum is yn de nacht fan tongersdei op freed oanhâlden yn in hoarekagelegenheid oan it Ruterskertier yn Ljouwert. De man woe in falsk briefke fan fyftich euro wikselje.

In meiwurkster warskôge de plysje. Dy hat de fertochte oanhâlden. Hy waard nei it plysjeburo brocht en krige in proses-ferbaal. It falske jild is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)