Koart pleit tsjin heien

Omwenners fan it bouterrein oan de Taconishof op It Hearrenfean spanne in koart pleit oan tsjin wenningboustifting Accolade. Dêrmei wolle se ôftwinge dat de bou fan 59 nije hûzen op dat plak hielendal stillein wurdt. Woansdei lei de gemeente Hearrenfean al in heistop op, omdat de trillingen fan de heiwurksumheden fier oer de noarmen giene.
Yn earste ynstânsje hâlde de bouwer him dêr oan, mar tongersdei binne der dochs wer peallen de grûn yn slein yn de buert fan de Sieger van der Laanstrjitte.
Dêr steane hûzen út de jierren '30 en '50 dy't net goed fundearre binne en maklik skea oprinne kinne. Wenningstifting Accolade oerleit op dit stuit mei de gemeente oer de sitewaasje. It koart pleit tsjinnet moandei by de rjochtbank yn Grins.