Provinsje hâldt op mei CV/BV

De provinsje Fryslân hâldt op mei de gearwurking yn de ûntwikkelingsmaatskippij CV/BV Westergo. Dat is de maatskippij dy't ûnder oaren ferantwurdlik wie foar de oanlis fan de nije yndustryhaven fan Harns. Neffens de provinsje binne der de lêste tolve jier wichtige resultaten berikt, mar kostet de konstruksje sa't dy no is tefolle mienskipsjild.
De provinsje sil mei de oare oandielhâlders yn petear oer de takomst. Yn de ûntwikkelingsmaatskippij sitte ek de gemeenten Harns, Frjentsjerteradiel, Menameradiel en Ljouwert.