Vaatstra's yn Need op Freed

23 nov 2012 - 09:38

De twa broers en trije susters fan Marianne Vaatstra binne freedtejûn te gast yn it tv-programma Need Op Freed fan Omrop Fryslân. Earder dizze wike is in fertochte oanhâlden foar de moard op harren jongste suske, nei in 100-persint DNA-match.

De broers en susters bleaune trettjin jier lyn benammen op de achtergrûn, mar wolle foar ien kear harren persoanlike ferhaal fertelle. Need Op Freed is te sjen om trije minuten oer fiven en dêrnei hieltyd op tweintich minuten oer it oere. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)