Mooglik langer kontrakt Arts

Cambuur giet yn jannewaris om de tafel mei trainer Alfons Arts oer in eventuele kontraktferlinging. Dat sei Cambuur-direkteur Gerald van den Belt yn Boppeslach Kafee. Hy wol noch net foarút rinne op it petear. It kontrakt fan Arts rint takom simmer ôf en hy wol graach bliuwe.
Oer de plannen foar de bou fan in nij stadion is noch net folle te sizzen. De plannen lizze by de gemeente Ljouwert yn ôfwachting fan in oanpassing fan it bestimmingsplan. Dêrnei komt de konkrete ynfulling fan de finansiering.