Undersyk grize seehûnejongen

22 nov 2012 - 21:27

De wittenskipsôfdieling fan de seehûnekresj yn Pieterburen ûndersiket hoe't it kin dat der yn de wintermoannen in soad jonge grize seehûnen oanspiele op de Waadeilannen. De jongen binne faak de mem kwyt, of dy doart net by har jong te kommen, omdat it drok is op de strannen. Dat spilet foaral op Skylge en Flylân.

De seehûnekresj wol de oarsaak achterhelje en besjen wat dien wurde kin om it foar te kommen. It ûndersyk nimt in pear moannen yn beslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)