Botsing treinen Ljouwert

Perron ôfset nei botsing treinen © Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
Op it stasjon fan Ljouwert is tongersdeitemiddei in wurktrein tsjin de intercity nei Wolvegea oanriden. Der rekke net ien ferwûne by de botsing. De masinist fan de wurktrein wie dwaande om it spoar stroef te meitsjen, mar ried by fersin in ferkeard spoar op. Dêr stie de trein nei Wolvegea. De masinist hat besocht in oanriding foar te kommen, mar dat slagge net.
By de botsing is kwalik skea ûntstien. Omdat de tadracht fan it ûngelok ûndersocht wurde moast, waard it perron ôfset en binne de treinreizgers mei de bus fierder gien.