Fryske ûnderwiisprizen útrikt

22 nov 2012 - 21:01

De Willem Alexanderskoalle yn Ljouwert en de kristlike skoallemienskip CSG Liudger yn Drachten hawwe de Underwiispriis Fryslân wûn. De Ljouwerter basisskoalle wûn mei it projekt Canonvensters. Learlingen yn de groepen trije oant en mei acht krije dêrby op in kreative wize les oer wichtige mominten út de Nederlânske skiednis.

De VMBO-ôfdieling fan CSG Liudger hat wûn mei in projekt om cyberpesten tsjin te gean. Bern learden op ynteraktive wize ûnder oare wat de gefaren fan social media binne.

De twa winnende skoallen krigen op it provinsjehûs fan deputearre De Vries in byld útrikt. Se dogge yn maart takom jier mei oan de lanlike finale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)