Kampanje tsjin katte-oerskot

22 nov 2012 - 16:46

De Dierebeskerming en de Diereplysje begjinne takom jier mei in kampanje om it oantal katten yn Fryslân werom te bringen. Op dit stuit sitte diere-asilen yn Fryslân grôtfol mei katten. Dit komt omdat hieltyd mear eigeners troch de krisis gjin jild mear hawwe foar harren húsdier. Dêrneist bringe in soad minsken harren sike bist net mear nei de feedokter mar nei it asyl, ek omdat se de medyske soarch net betelje wolle.

It doel fan de kampanje is om minsken bewust te meitsjen fan it katte-oerskot en wat se der tsjin dwaan kinne.  

Trefwurden: 
Húsdieren diere-asyl dieren
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)