Jasper S. bliuwt yn beheining

22 nov 2012 - 13:03

Jasper S., de fertochte fan de moard op Marianne Vaatstra, bliuwt langer fêstsitten. Ek bliuwt er yn beheining. Advokaat Jan Vlug woe graach dat de beheinings opheft wurde soene, mar de rjochter-kommissaris giet dêr net yn mei. Dat betsjut dat Jasper S. foarearst mei gjinien prate mei útsein syn advokaat.

Jasper S. wurdt no oerpleatst fan in plysjesel nei de finzenis. Hokker finzenis dat is woe Vlug net sizze. It IM makke fierder bekend dat it DNA-materiaal fan Jasper S. bewarre bliuwt, alle oare meunsters wurde hjoed noch ferneatige. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)