Kielstra foarman VVD steaten

Klaas Kielstra
Steatelid Klaas Kielstra folget Aukje de Vries op as foarsitter fan de VVD-steatefraksje. Kielstra komt út Stiens en sit sûnt maart 2011 yn de steaten.
De Vries is nei de ynstallaasje fan it kabinet beneamd ta Twadde Keamerlid. De steatesit dy't hjirtroch frijkaam is wurdt ynnaam troch Dirk Pool fan De Harkema, hy is op it stuit frakjesfoarsitter fan de VVD yn de gemeenteried fan Achtkarspelen.