Feanhuzen ticht, Marwei bliuwt

In tredde fan de finzenissen yn Nederlân moat ticht, mar De Marwei yn Ljouwert bliuwt bestean - dat stiet neffens aktualiteiteprogramma Nieuwsuur yn in fertroulik stik fan it kabinet. Der moat 100 miljoen besparre wurde op it finzeniswêzen en dêrfoar wurde 700 banen skrast. De Marwei bliuwt as iennichste finzenis oer yn it Noarden, omdat it kabinet de finzenissen konsintrearje wol yn de Rânestêd, Brabân en Oerisel. Under mear de trije finzenissen yn Feanhuzen, dêr't ek in soad Friezen wurkje, soene ticht gean.
Yn de finzenissen dy't bestean bliuwe, feroaret ek in soad omdat faker finzenen in sel diele moatte en it rezjym fersobere wurde sil.