Dokkum plantet 240.000 tulpen

21 nov 2012 - 21:15

Op it Bolwurk fan Dokkum bloeie takom maitiid 240.000 tulpen. Dy wurde op dit stuit plante, yn it ramt fan de twadde edysje fan 'Dokkum Tulpenstad'. Begjin dit jier waard de earste edysje hâlden mei 72.000 tulpen.

De tulpen moatte ekstra toeristen nei Dokkum lûke. De kosten wurde no noch betelle troch ASN ynstallaasjes, mar it doel is dat yn 'e takomst ek oare ûndernimmers bydrage.

Trefwurden: 
Dokkum Tulpenstad
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)