Nije skûtsjeskipper Ljouwert

21 nov 2012 - 20:56

Siete Meeter (44) wurdt de nije skipper fan it Ljouwerter skûtsje. Dat hat it bestjoer fan de behearende stichting woansdei bekend makke. Siete Meeter wurdt de opfolger fan Jappie Meeter, dy't yn septimber opstappe moast. Hy koe neffens it bestjoer de earder stelde ambysjes net wiermeitsje.

Siete Meeter is de soan fan Eildert Meeter, de eardere skipper fan it skûtsje fan Boalsert. Hy hat jierrenlang as bemanningslid meidien oan de wedstriden fan de SKS en as skipper oan dy fan de IFKS.

(advertinsje)