Ferromme mei oanhâlding S.

21 nov 2012 - 17:04

Ald-direkteur Netty Groeneveld fan asylsikerssintrum De Poelpleats yn Kollum is ferromme dat der lang om let in fertochte oanhâlden is foar de moard op Marianne Vaatstra. Flak nei de moard op 1 maaie yn 1999 wiene it fral asylsikers dy't fertochte waarden fan it misdriuw, mei in soad opskuor yn de omjouwing ta gefolch.

No mei de oanhâlding fan Jasper S út Aldwâld is dat definityf efter de rêch. En dat is moai, seker neidat it asylsikerssintrum jierrenlang in diskusjepunt yn de omjouwing wie, sa seit Groeneveld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)