Skorsing foar Yuri Rose
Cambuur-spiler Yuri Rose is skorst foar trije duels, wêrfan ien mei betingst. Dat hat de KNVB woansdei bekend makke.
Rose waard yn de wedstryd tsjin De Graafschap mei in reade kaart fan it fjild stjoerd. Cambuur wûn dy wedstryd mei 2-0.