Hegere priis konkoers Drachten

It ynternasjonaal konkoers ICNN Drachten, dat yn jannewaris foar de twadde kear hâlden wurdt, wol meidwaan yn de top fan de hynstewrâld en ferheget dêrom it prizejild. Ferline jier wie de jildpriis 131.00 euro, takom jier sil dat 191.000 euro wêze. Mei de ferheging hopet it ICNN ek in soad topruters te lûken.
It ICNN is fan 4 oant 20 jannewaris 2013 en is foar de twadde kear yn it Fries Kongressintrum Drachten.