Frou slein mei ketting
In 47-jierrige frou út Grou is tiisdei ferwûne rekke nei't se troch in 69-jierrige frou oanfallen wie. It slachtoffer waard mei in ketting slein en moast nei it sikehûs. De 69-jierrige frou is oanhâlden.
De oanfal wie yn De Swanneblom yn Grou. De beide froulju binne bekenden fan mekoar en hawwe earder problemen mei mekoar hân.