Pestsaak op Lyseum Ljouwert

21 nov 2012 - 12:53

De Stichting Veilig Onderwijs bemiddelet yn in pestsaak op it Ljouwerter Lyseum. De jonge om wa't it giet hat syn bêste freon ferlern by in ferkearsûngelok. De freon siet by him achterop de fyts doe't se skept waarden troch in auto. Nei dit ûngelok is de jonge pesten, seit de stichting, en is hy fan skoalle stjoerd.

It Ljouwerter Lyseum, foarhinne it Piter Jelles, wol út privacy-oerwagings net foar de mikrofoan reageare. Wol sizze se yn in skriftlike reaksje dat de jonge om in oare reden fan skoalle stjoerd is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)