Omrop doku nei Milaan

21 nov 2012 - 12:43

De Omrop Fryslân dokumintêre "Djipgean foar Vancouver" is selektearre foar in ynternasjonaal filmfestival yn it Italiaanske Milaan. De dokumintêre giet oer shorttrackreedrydster Margriet de Schutter, en har -úteinlik mislearre- striid om mei te dwaan oan de Olympyske Winterspelen yn it Kanadeeske Vancouver.

De Omrop-dokumintêre is selektearre yn de kategory "Sport Movies & TV 2012". Alle jierren dogge 110 lannen mei oan it filmfestival yn Milaan.

(advertinsje)