Frou te wetter mei auto
In 47-jierrige frou út Lollum is woansdei mei har 45-kilometer auto yn de sleat bedarre. De frou ried oer de Schwartzenbergwei yn Hichtum, doe't se yn de berm telâne kaam. Se rekke de macht oer it stjoer kwyt en kaam yn de sleat.
Omstanners hawwe de frou út de auto helle. Se is nei it sikehûs brocht.