GGD bliid mei tabakplan

De GGD Fryslân is bliid mei it plan fan it ministearje fan folkssûnens om de minimumleeftiid foar it keapjen fan tabak te ferheegjen. Op dit stuit meie jongeren fan 16 jier ôf tabak keapje, de steatssekretaris wol dit ferheegje nei 18 jier.
It plan wurdt noch foar de ein fan dit jier foarlein oan de ministearje. Neffens Bert Soenveld fan de GGD kin it plan wurkje as in warskôging foar minderjierrigen. Hy tinkt dat minder 16- en 17-jierrige smoke sille as it dreger is om tabak te krijen.