Minskehannel eask: 8 jier

21 nov 2012 - 12:02

It Iepenbier Ministearje hat tiisdei acht jier sel easke tsjin in 33-jierige man út Bulgarije. De Bulgaar twong yn de earste helte fan 2011 Bulgaarske froulju om yn de prostitúsje te wurkjen.

It IM fynt dit in swiere misdied, om't de dieder de ôfhinklike posysje fan de froulju misbrûkt hat om se ta prostitúsje te twingen. Ek hat de Bulgaar geweld tsjin de froulju brûkt. Oer twa wiken docht de rjochtbank yn Ljouwert útspraak yn dizze saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)