Himpkwekerij yn Ljouwert
De plysje yn Ljouwert hat woansdeitemoarn in himpkwekerij ûntdutsen yn in flat oan de Anjen. De kwekerij wie noch yn gebrûk. De stroom waard yllegaal ôftape.
Der binne gjin fertochten oanhâlden. De plysje hat de planten en materialen yn beslach naam. De saak wurdt noch ûndersocht.