Game foar OK-training yn MCL

Yn it MCL wurdt in game ûntwikkele foar it trainen fan sjirurgen en OK-assistinten. Dit wurdt dien troch ynstitút Limis yn gearwurking mei it bedriuw Grendel Games út Ljouwert. Neffens direkteur Bouma fan Limis binne games tige geskikt foar it trainen fan medisy. Limis en it MCL rinne neffens him yn Nederlân foarop op dit gebiet.
Yn 2013 wol Limis yn it MCL in OK-lab iepenje foar it ûntwikkeljen fan de 'operaasjekeamer fan de takomst'. Hjirfoar wurdt gearwurke mei it Dútske bedriuw Olympus Medical Systems út Hamburch.
It OK-lab wurdt ek ynrjochte omdat it MCL yn 2015 alle operaasjekeamers ferfange wol. Limis wol de game net allinnich brûke foar medisy fan it MCL, mar brûke by trainingen fan dokters út hiel Nederlân. It doel is ek om de game ynternasjonaal yn de merk te setten.