Benaud foar frije ferfiersmerk

20 nov 2012 - 17:14

Fryske transportbedriuwen komme yn de problemen as bûtenlânske transporteurs sûnder beheinings yn Fryslân wurkje meie. Dat seit bransjorganisaasje Transport & Logistyk yn Noard-Nederlân. De Europeeske Kommisje yn Brussel ûndersiket oft de ferfiersmerk fierder frijlitten wurde kin.

Transport & Logistyk sjocht it net sitten dat goedkeapere transporteurs út East-Europa permanint yn Fryslân en de rest fan Nederlân ride meie. No is it noch sa dat bûtenlânske transporteurs trije ritten yn 'e wike dwaan meie yn in oar lân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)