Brânbrief oer bedrige bisten

Foar in soad bistesoarten en foaral foar fûgels sjocht de takomst op it plattelân der min út. Dat fine in tal natoerorganisaasjes. Fûgelbeskerming Nederlân en fiif oare organisaasjes skriuwe dêr in brief oer oan premier Rutte.
Yn Brussel wurdt praat oer in foarstel om 24 miljard euro te besunigjen op it lânboubelied. Acht miljard euro dêrfan komt út itselde potsje dêr't agrarysk natoerbehear ek út betelle wurdt. Guon fûgelsoarten soene troch de besuniging útstjerre kinne.
Boer en Natuur sjocht dat oars. Dy organisaasje fertsjinwurdiget boeren dy't oan agrarysk natoerbehear dogge.