Psycholooch: 'Moard út ympuls'

20 nov 2012 - 11:24

De kâns is lyts dat de fertochte yn de saak Marianne Vaatstra in dissosjative steurnis mei geheugenferlies hat. In ympulsive steurnis is folle wierskynliker. Dat seit GGZ-psycholooch Jos de Keijser.

Jasper S. moast yn 2009 foar de rjochter ferskine foar joyriden. Neffens in psychiater dêr't er doe mei prate, kin der sprake west hawwe fan in dissosjative flecht. Dat is in psychyske steurnis. Mar neffens De Keijser moat dy dan folle faker nei foaren komme. Dêrom tinkt er oan in ympulsive steurnis.

By in ympulsive steurnis kinne minsken net ûnderdrukke wat yn harren opkomt. Se moatte wol nei sa'n ympuls hannelje. Dêrnei kin de persoan wer fierder gean mei it gewoane libben, as wie der neat te rêden.

Trefwurden: 
Vaatstra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)