Heijmans leit noardlike As oan

20 nov 2012 - 09:57

Oannimmer Heijmans sil in part fan de nije wei Sintrale As oanlizze. Dat hat de provinsje bekend makke. It giet om it noardlike part, fan de súdkant fan Dokkum oant en mei de turborotonde by De Westereen. Njonken de dyk sels, sil Heijmans ek oan de slach mei it gebiet dêromhinne. Dan giet it bygelyks om it oanlizzen fan menpaden en de oanlis fan in fiadukt by De Falom.

De ynrjochting fan de Falomster Leijen as ekologyske sône heart ek by it kontrakt dat mei Heijmans sletten is. It wurk dat Heijmans dwaan sil, kostet 22 miljoen euro.

Trefwurden: 
Sintrale As Heijmans
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)