Gjin ferklearring fertochte

19 nov 2012 - 23:59
  • Annette Bronsvoort fan Justysje
  • Bauke Vaatstra
  • Minister Ivo Opstelten

Der is noch gjin dúdlikens oer wêrom't de fertochte fan de moard op Marianne Vaatstra goed trettjin jier neat sein hat oer de saak. Sûnt juster wurdt er ferheard troch de plysje. It is net dúdlik oft er dêr al in ferklearring by ôflein hat.

De fertochte 45-jierrige Jasper S. waard oppakt nei oanlieding fan it grutskalich DNA-ûndersyk dat hâlden is yn de omjouwing fan de moard. Hy hie dêr frijwillich DNA ôfstien en koe sa keppele wurde oan it DNA fan de dieder, sa waard moandeitejûn bekend makke op in parsekonferinsje.

Alle DNA-spoaren op it lichem fan Marianne Vaatstra komme oerien mei dat fan de dieder seit haadoffisier fan justysje Annette Bronsvoort. Mar dat is net genôch foar in feroardieling sa sei Bronsvoort. Dêr is mear bewiis foar nedich. Dat moat komme út it strafrjochterlike ûndersyk dat no úteinset is.

(advertinsje)