Baukje de Vries riddere

19 nov 2012 - 21:39

De Ljouwerter hoareka-ûndernimster Baukje de Vries is moandeitejûn riddere yn de Oarder fan Oranje Nassau. De Vries hat jierrenlang foarsitter west fan it Hoarekabûn fan de ôfdieling Fryslân, mar is dêr no mei ophâlden.

Boargemaster Crone fan Ljouwert riddere frou De Vries om't se in soad frijwilligerswurk dien hat yn 'e stêd. Benammen har ynset foar de wurkgroep Nee Tegen Geweld wie in wichtige basis fan it feiligensbelied fan Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)