Oalje yn Van Harinxmakanaal

In grut part fan it Van Harinxmakanaal by Ljouwert is fersmoarge mei oalje. It giet om inkele kilometers oan de eastkant fan Ljouwert. It is noch net dúdlik hoe't de fersmoarging ûntstien is. Nei alle gedachten komt de oalje út de omjouwing fan de Fonejachtbrêge by Garyp. Troch de wyn soe de oalje nei Ljouwert ta streamd wêze.
It Wetterskip hat oaljeskermen pleatst om fierdere fersprieding tsjin te gean. It is noch net dúdlik hoe't it mei de wetterfûgels en -planten is.