Parsekonferinsje live op Omrop

19 nov 2012 - 17:11

Op Omrop Fryslân Radio en Televyzje wie moandei de parsekonferinsje oer de saak-Vaatstra te sjen. It Iepenbier Ministearje makke doe mear bekend oer de 45-jierrige fertochte út Aldwâld dy't sneintejûn let oanhâlden is.

De fertochte Jasper S. kaam nei foaren út it grutskalige DNA-ferwantskipsûndersyk. De man sit fêst op it plysjeburo yn Ljouwert, syn famylje is ûnderbrocht op in geheim adres bûten Fryslân. Marianne Vaatstra waard yn 1999 ferkrêfte en om it libben brocht. Se waard fûn by Feankleaster, net fier fan de pleats fan de fertochte.

De parsekonferinsje waard jûn troch haadoffisier fan justysje Annet Bronsvoort, korpssjef Nathalie Kramers fan plysje Fryslân en boargemaster Bearn Bilker fan de gemeente Kollumerlân.

Trefwurden: 
Vaatstra parsekonferinsje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)