Houtopslach De Haule útbaarnd

19 nov 2012 - 12:51

By in brân yn in túnsintrum yn De Haule is moandei de houtopslach ferlern gien. De brân ûntstie om in oere of healwei ienen en wie om twa oere ûnder kontrôle. De oarsaak is noch net bekend, de hichte fan 'e skea ek noch net. De brânwacht waard manmachtich oproppen. De brân sloech net oer nei de loadsen dêrnjonken dêr't de winkel en de opslach yn sitte.

De eigener krige by it útmeitsjen fan it fjoer te folle reek binnen. Hy moast foar ûndersyk nei it sikehûs.

Yn de houtopslach lei ek hout foar de kachels. Der wurdt no socht nei in oplossing om it bedriuw yn 'e nacht fan moandei op tiisdei waarm te hâlden. Foar tiisdei is nij hout besteld. Der binne gjin gefaarlike stoffen frijkaam by de brân.

Trefwurden: 
brân De Haule Groenrijk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)