Parsekonferinsje oer Vaatstra

19 nov 2012 - 11:06

It Iepenbier Ministearje jout moandei yn Drachten in parsekonferinsje oer de saak-Vaatstra. Dêryn wurde offisjele meidielings dien oer de stân fan saken. Omrop Fryslân Radio en Televyzje binne dêr live by.

Snein is in 45-jierrige fertochte út Aldwâld oppakt. De man sit fêst op it plysjeburo yn Ljouwert. De fertochte is nei foaren kaam yn it grutte DNA-ferwantskipsûndersyk. Dêr die út bliken dat er in 98% match hat. In 100% match, lykas yn eardere berjochten neamd, is net mooglik. Om wissigens te krijen is der ekstra DNA-ûndersyk.

Advokaat Hubertus de Boer út Snits hat op it plysjeburo yn Ljouwert mei de fertochte praat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)