Winst Boer en Nauta yn Breda

© awfoto.nl
Margot Boer hat sneintejûn de 1000 meter wûn by de Hollân Cup yn Breda. Boer, dy't by de wrâldbeker yn Thialf allinne de 500 ried, sette 1.18.87 op de klokken. Antoinette de Jong waard twadde yn 1.20.07. Jesper Hospes waard op deselde ôfstân twadde by de manlju yn 1.12.48. De winst wie foar Lucas van Alphen yn 1.12.00. De 3000 meter waard in proai foar Yvonne Nauta yn 4.22.44. Jorien Voorhuis waard twadde, Elma de Vries tredde. Christijn Groeneveld wûn nei de massastart op It Fean de 5000 meter. De BAM-rider ried 6.38.08.